Heger berop oer alkoholslot nije wike tiisdei

08 maaie 2015 - 20:33

It heger berop fan advokaat Nico de Vries fan Anker & Anker tsjin in útspraak oer it alkoholslot wurdt nije wike tiisdei behannele yn Den Haag. De Vries is it net iens mei in útspraak fan begjin april. Doe makke de rjochter út dat minsken dy't yn it ferline it alkoholslot wegere hawwe en dêrom harren rydbewiis ynleverje moasten, dat bewiis no net werom krije.

De Vries wie bot teloarsteld oer dy útspraak. Hy fynt it ûnterjochte dat syn kliïnten dupearre bliuwe om't se noch ûnder de âlde regeling falle.

Sûnt 11 oktober 2014 leit it CBR gjin alkoholslot mear op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)