Heger berop Junokade oanhâlden

23 apr 2010 - 15:35

It heger berop tsjin de man (21) dy't op 31 july 2009 in motorrider dearied op de Junokade yn Ljouwert, wurdt oanhâlden. Dat die freed bliken by de sitting fan it gerjochtshôf yn Ljouwert. Der moatte noch nije tsjûge-ferklearrings besjoen wurde, wylst der ek noch neier ûndersyk troch TNO dien wurde moat nei byldmateriaal.

De rjochtbank feroardiele de fertochte earder ta ien jier selstraf wêrfan trije moannen ûnder betingst. Ek mei de man ien jier lang net autoride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)