Heger berop earder behannele

09 mrt 2011 - 19:18

It Ljouwerter gerjochtshôf pakt heger beropsaken fan minsken dy't noch achter de traaljes sitte, dit jier mei folle mear faasje op. It giet om in proef mei in aparte detinearrekeamer dy't it hiele jier rint.

Minsken dy't troch de rjochtbank feroardiele binne en dêrnei yn heger berop gean tsjin harren straf, krije dan binnen 60 dagen te hearren wannear't harren berop behannele wurdt. Oars koe it wolris njoggen moannen duorje foardat in saak behannele waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)