Hegemer bedriuw nei Gaza

29 maaie 2005 - 12:38

It bedriuw ATN Nooitgedagt BV út Heech hat opdracht krigen om it fleanfjild fan Gaza yn de Palestijnse gebieten te ûndersykjen. It ingenieursbedriuw is spesjalisearre yn it yn kaart bringen fan skea by fleanfjilden. De opdracht komt fan de Europeeske Uny en de Verenigde Naties.

De EU hat it fleanfjild in pear jier ferlyn adoptearre. Troch de gefjochten tusken de Palestijnen en de Israeliërs is it flink fernield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)