Hege ûnderskieding foar Ruijg

23 mrt 2011 - 12:28
  • (foto's Wim Spaans)

Ane Ruijg fan Skylge hat woansdei yn Den Haach in hege ûnderskieding krigen. Ut hannen fan minister Schultz krige de âld-skipper fan de KNRM de Ruytermedalje. Ruijg wie 29 jier kapitein op de rêdingsboat en hat yn dy jierren mear as 2300 minsken rêden.

De ûnderskieding is yn 1907 troch keninginne Wilhelmina yn it libben roppen. Der binne brûnzen, sulveren en gouden farianten fan. Ruijg krige de gouden, in hiele eare. Hy wist sels fan neat en wie tige ferrast en bliid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)