Hege ûnderskieding foar Koopmans

10 sep 2000 - 14:00

Byldzjend keunstner Klaas Koopmans is beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. De 80-jierrige Garypster krige de fersiersels freedtejûn opspjelde troch boargemaster Polderman.

Koopmans eksposearre yn 1948 foar it earst. Mei in tal oare skilders foarme er yn 1952 de ekspresjonistyske groep Yn 'e Line. Hy skildere fral it Fryske lânskip, mar ek portretten en stillibbens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)