Hege ûnderskieding foar Friezen

06 jan 2004 - 00:00

Trije Friezen ha tiisdei yn Haulerwyk in ûnderskieding krigen fan Yad Vashem, in Israëlysk ynstitút. De Friezen wurde eare om't se yn de oarloch Joadse ûnderdûkers hienen. Jan en Roelof From krije de priis postúm. De frou fan Roelof, Anna From (92), wurdt ek eare.

De famylje From hie jierrenlang fjouwer ûnderdûkers yn 'e hûs. Se krije de titel rjochtfeardigen ûnder de folken. Dat is de heechste ûnderskieding dy't de steat Israël jout.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)