Hege straffen easke foar moard

09 jan 2004 - 00:00

Foar de rjochtbank yn Ljouwert binne freedtemiddei hege straffen easke tsjin de twa Antillianen (24) dy't ûnder oare fertocht wurde fan de moard op in Antilliaan (19) yn juny '03. Dat barde yn de J. Binkesstrjitte yn Ljouwert.

Tsjin de iene waard 20 jier sel easke, tsjin de oar 12 jier mei tbs. De manlju wurdt swiere mishanneling, twa pogings ta deaslach, poging ta moard en moard ten lêste lein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)