Hege stjerte ûnder poppen

23 feb 2011 - 17:32

Yn Fryslân stjerre relatyf de measte poppen fan Nederlân. Dat hat neier ûndersyk fan it AMC yn Amsterdam en it UMCG yn Grins dúdlik makke. Fan de tûzen poppen dy't berne wurde, stjerre yn trochsneed 11,3 lytse poppen flak foar, ûnder of flak nei de berte.

Dat is krekt wat heger as yn Grinslân, dêr't it persintaazje op 11,1 op tûzen poppen leit. Fryske froulju wenje fierder fan in sikehûs. It stjertesifer soe mooglik werombrocht wurde kinne troch yn it sikehûs te befallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)