Hege sjochsifers Moordvrouw

21 jan 2012 - 11:59

De earste ôflevering fan it nije TV-programma Moordvrouw hat freedtejûn hege sjochsifers helle. Neffens sifers fan de Stichting Kijkonderzoek seagen 3,2 miljoen minsken nei it programma. Dat is ien op de fiif Nederlanners. Yn Moordvrouw spilet Wendy van Dijk de rol fan in plysjefrou, dy't yn Fryslân saken oplosse moat.

De searje is produsearre yn oparbeidzjen mei Fryslân Marketing, dat fierder op it programma ynheakje sil mei allerhanne promoasje-aktiviteiten. Fan febrewaris ôf wurdt Moordvrouw ek yn Flaanderen útstjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)