Hege sânskulptueren yn Snits

21 jun 2013 - 10:26
  • De tariedings fan it sânskultuerfestival binne yn folle gong

Yn Snits wurdt freedtemiddei it heechste punt berikt fan de opbou fan it sânskulptuerefestival. Frachtweinen ride oan en ôf om goed 700.000 kilo sân oan te fieren. Dat is nedich foar it meitsjen fan de meters hege sânskulptueren. It heechste punt fan de útstalling wurdt sa'n sân meter heech.

Fan moandei ôf sille keunstners út binnen- en bûtenlân oan de slach mei de skulptueren op it parkearterrein oan de Toppenhuzerwei yn Snits. De Nederlânske dielnimmers stride foar de titel 'Nederlands Kampioen Zandsculpturen'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)