Hege Ried: ID's tenei fergees

09 sep 2011 - 16:52

De gemeente Ljouwert rint 150.000 euro jiers oan ynkomsten mis no't se gjin jild mear freegje meie foar ID's. Foar de gemeente Hearrenfean giet it om 120.000 euro. Fan de Hege Ried meie gemeenten gjin leges mear heffe op ID-kaarten. Dy binne net yn it belang fan de yndividuele boarger. Minsken binne wol ferplichte in ID-bewiis te hawwen om harren te identifisearjen.

Fryske gemeenten hâlde der rekken mei dat der mear ID-kaarten oanfrege wurde sille om't it fergees is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)