Hege Rie hâldt 24 jier sel oan foar moardner Murkje de Vries

20 maaie 2015 - 12:29

De selstraf fan 24 jier foar de man dy't yn 2008 Murkje de Vries út Koatstertille deasketten hat, bliuwt stean. Dat hat de Hege Ried bepaald. De 51-jierrige fertochte út De Harkema wie yn kassaasje gien, omdat der neffens him gjin sprake wie fan opsetsin.

Hy wie ûnder ynfloed fan antidepressiva, seit er, mar dat nimt de Hege Ried net oan. De feroardieling foar moard bliuwt dus oerein. In healoere foar de moard hat de man út De Harkema twa oare minsken delsketten. Dy beide slachtoffers ha de oanslach oerlibbe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)