Hege omsetsifers Oranjewâld

16 apr 2008 - 20:21
  • Oranjewâld hat ferline jier in omset makke fan 236 miljoen euro

Yngenieursbedriuw Oranjewâld hat ferline jier in omset makke fan 236 miljoen euro. Dat is hast in kwart mear yn ferliking mei it jier dêrfoar. De groei komt troch de oername fan sân bedriuwen, ferline jier.

De winst fan Oranjewâld is omheechgien nei 16,5 miljoen euro. Dat hat it bedriuw woansdei bekendmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)