Hege molkpriis helpt boer net

07 maaie 2013 - 19:57
  • Kij op stâl

De hege molkpriis fan dit momint helpt de melkfeehâlderij net út de problemen. Dêrfoar is oar belied nedich wêrby't de molkpriis keppele wurdt oan de kosten dy't boeren meitsje. Dat seit Sita van Keimpema fan it fakbûn foar melkfeehâlders NMV.

Foar bûtensteanders liket it oft de beammen by de boeren op dit stuit de himel yngroeie, mar dat is hielendal net sa. Mei de suvelyndustry giet it goed. Dêr wurdt goed fertsjinne. Mar in soad boeren sitte troch hege kosten en ynvestearrrings djip yn de skulden en driigje sels kopke ûnder te gean.

Van Keimpema foarseit in fierdere sanearring as der neat feroaret.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)