Hege marinebaas by TSR Harns

05 jul 2014 - 15:35
  • Fise-admiraal kaam mei in marinehelikopter nei Harns

De heechste baas fan de Keninklike Marine hat sneontemiddei in besite brocht oan de Tall Ships Races yn Harns. Fise-admiraal Matthieu Borsboom kaam nei it evenemint om it wurk fan syn manskippen te besjen. Dy hâlde har yn Harns ûnder oare dwaande mei de kommunikaasje. Ek binne marinedûkers aktyf by de Tall Ships Races.

De fise-admiraal woe syn manlju persoanlik betankje foar harren ynset. Borsboom waard ynflein mei in marinehelikopter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)