Hege ierappelpriis ferwachte

26 okt 2012 - 19:04
  • jirpels

Fryske bouboeren krije dit jier in goeie priis foar har ierappels, dat seit lânbou-organisaasje LTO. Dat komt omdat de rispinge fan konsumpsje-ierappels yn omlizzende lannen troch wiet waar minder goed útpakt. De lannen sille dêrom hjir ierappels keapje wolle en dat soarget foar hegere prizen. Yn Fryslân wurde net in soad konsumpsje-ierappels ferboud, mar wol poatierappels. Neffens de LTO sille ek de prizen dêrfan omheech gean.

Dat komt omdat Nederlânske boeren troch de goeie resultaten fan dit jier takom jier mear ierappels ferbouwe wolle. De groeiende fraach nei de poaters dy't se dêrfoar nedich hawwe sil ek liede ta in hegere opbringst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)