Hege Hûs kin asbestfrij makke

19 des 2012 - 10:38

De gemeente Ljouwert kin wer fierder mei it ferwiderjen fan asbest út it Hege Hûs oan de Oasterstrjitte yn Ljouwert. It gebou wurdt ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in parkeargaraazje. Koartlyn waard ûntdutsen dat der mear asbest yn siet as earder tocht waard. It wurk waard dêrom stillein.

Yntusken is in metoade fûn om it asbest op koarte termyn op te rêden. It is noch net dúdlik hoefolle letter de parkeargaraazje klear is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)