Hege ferwachtings Wüst

20 mrt 2013 - 17:13

Reedrydster Ireen Wüst kin it kommende wykein in fantastysk seizoen bekroane op de WK-ôfstannen yn Sotsji. Neidat se earder dizze winter al Europeesk -en wrâldkampioen allround waard, giet se yn it Russyske plak stiekem foar fjouwer gouden medaljes. Yn it stadion dat takom jier it dekôr fan de Olympyske Spelen is, komt Wüst út op de kilometer, de 1500 meter, de 3 en 5 kilometer en de ploege-efterfolging.

Wüst kin tongersdei fuortendalik al oan de bak. Om healwei trijen Nederlânske tiid giet se foar har earste gouden medalje op de 3 km.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)