Hege ferwachtings nije harmony

13 jan 2014 - 12:23
  • Frysk Harmony Orkest

Dirigint Thijs Oud hat hege ferwachtings fan 'e nije opset fan it Frysk Harmony Orkest. It orkest is in trochstart fan it Fries Jeugd Harmonie Orkest. Dat drige op te hâlden doe't Keunstwurk gjin subsydzje mear jaan woe.

Sneintemiddei wie yn Mantgum it earste konsert yn 'e nije opset. Dirigint Oud sjocht in soad entûsjasme yn it orkest en ferwachtet ek nije leden. Oud ferwachtet ek noch mear sinten út 'e merk helje te kinnen. Mei foaral jeugdleden bliuwt de opset sa't dy wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)