'Hege boukosten ûnbegryplik'

16 apr 2005 - 12:57

De gemeenteried fan Dongeradiel begrypt net hoe't de ôffaller fan goed seis ton by de nijbou fan it gemeentehûs ûntstean koe. Der binne administrative flaters makke. Wat de gefolgen dêrfan binne foar ferantwurdlik wethâlder Boorsma moat op de earstfolgjende riedsgearkomste dúdlik wurde. Dy is ein dizze moanne.

By de iepening fan it gemeentehûs yn novimber ferline jier, kaam de finansjele ôffaller oan it ljocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)