'Hege boetes gean te fier'

05 okt 2012 - 12:55
  • Ombudsman

De hege boetes fan de belestingtsjinst en it UWV gean fierste fier. Dat sei de Nasjonale Ombudsman Alex Brenninkmeijer freed by in sprekbeurt yn Drachten. Neffens him komme minsken ûnterjochte yn grutte problemen, allinnich mar omdat se in formulier ferkeard ynfolje of in foutsje meitsje op de website fan it UWV.

De ombudsman is de kommende tiid faker yn ús provinsje om mear bekendheid te krijen. Dit jier is it tal klachten by de Ombudsman mei 25 persint groeid, allinnich it tal reaksjes út Fryslân is relatyf lyts.

Brenninkmeijer hat in spesjale promoasjetoer pland troch de provinsje. Ein dizze moanne komt hy dêrmei yn Ljouwert, Harns en It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)