Hege biskoplike ûnderskiedings

11 jan 2010 - 11:00
  • Yn 'e midden: Paulus Hettinga en Anke Bootsma-Altenburg

Anke Bootsma-Altenburg en Paulus Hettinga fan de Sint Franciscusparochy yn Frjentsjer hawwe snein in hege biskoplike ûnderskieding krige. It giet om de brûnzen Bonifatiuspenning.

Se krigen de erkenning fanwege it wurk foar de parochy. Hettinga hat in soad dien foar minsken yn need, benammen flechtlingen, en foar de liturgy yn 'e Fryske taal. Frou Bootsma hat har ek ynset foar de liturgy en foar de diakony.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)