Hege besite by skipswerven

12 maaie 2014 - 10:12
  • Skipswerf Barkmeijer yn Strobos

Skipswerf Barkmeijer yn Stroobos krijt nije wike moandei minister Dijsselbloem, Twadde Keamerleden jacques Monasch en Lutz Jacobi en kandidaat-Europarlementariër Michiel Emmelkamp op besite. De PvdA'ers prate mei wurknimmers en fertsjinwurdigers fan oare noardlike skipswerven út ûnder oare Harns en Frjentsjer.

Der is ek in delegaasje fan de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij en it Samenwerkingsverband Noord Nederland by. Sy ha it foaral oer de fraach wat Brussel betsjutte kin foar de noardlike skipsbou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)