Hege besite by Fier Fryslân

31 maaie 2013 - 12:57
  • Steatsekretaris Martin van Rijn by Fier Fryslân
  • Frouljusopfanggebou Veilige Veste fan Fier Fryslân yn Ljouwert

Steatssekretaris Martin van Rijn fan Folkssûnens hat freedtemoarn by Fier Fryslân op besite west. In pear slachtoffers fan minskehannel en geweld dat mei eare te krijen hat, mochten harren ferhaal fertelle oan de steatssekretaris. Hy wie dêr behoarlik fan ûnder de yndruk.

Van Rijn wol graach sjen hoe't it der yn 'e praktyk om en ta giet by Fier Fryslân. Yn de soarch binne grutte herfoarmings kommendeweis. Fier Fryslân tinkt net dat de feroarings yn 'e soarch grutte gefolgen foar de eigen organisaasje hawwe sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)