Heffings Skylge ferlege

27 okt 2004 - 10:22

De boargers fan Skylge binne minder jild kwyt oan ûnreplik guod-belesting (ozb), rioelrjochten en ôffalheffings as dat se tochten. De ozb wurdt mei mar fiif persint ferhege, yn stee fan tsien persint en de rioelrjochten en ôffalheffings wurde hielendal net djoerder.

De gemeente hat in pear meifallers krigen. Der is folle mear jild yn it gemeentefûns stoart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)