'Hef fokferbod op'

26 maaie 2010 - 12:04

Fryske melkskiephâlders wolle sa gau as mooglik ôf fan it fokferbod dat it ministearje oplein hat. Dat ferbod hat te krijen mei de maatregels tsjin de fersprieding fan Q-koarts.

It ministearje fan Lânbou wol dat alle bedriuwen faksinearje tsjin de sykte. Dat ha alle melkskiephâlders ûndertusken ek dien. Boppedat is der by de Fryske bedriuwen ek noch gjin Q-koarts fûn. It fokferbod hat al tûzenen euro's koste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)