Heerschop wint silerij Sleat

15 aug 2012 - 16:14
  • IFKS
  • skûtsje Walter de Vries sûnder mêst

Sikke Heerschop hat woansdei de IFKS-silerij by de A-klasse op de Sleattemermar wûn. Twad waard Tony Brundel, Kees van der Kooij kaam as tredde oer de finish.

De wedstryd hie by de earste tonne al fûle striid. Tony Brundel kaam as earste om dizze tonne hinne, folge troch Jeroen de Vos en Sikke Heerschop. Jeroen de Vos sakke úteinlik ôf en kaam as alfde oer de finish. Troch de hurde wyn boppe de mar wie it in spektakulêre wedstryd. De mêst fan De Goede Verwachting fan skipper Walter de Vries bruts op it thúswetter ôf. Net ien rekke ferwûne.

Ek it skûtsje fan Willem Prins hie skea troch de hurde wyn. Yn it algemien klassemint steane Jelle Talsma en Tony Brundel beide op in dield earste plak mei 4,9 punten. Yn de lytse A-klasse wûn Rinze Herrema mei de Engelina Smeltekop. Yn de B-klasse wie Jilles Bandstra de rapste en yn de C-klasse kaam de Emanuel fan Merijn Olsthoorn as earste binnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)