Heerschop: royemint docht sear

09 mrt 2014 - 12:06
  • IFKS

Skûtsjeskipper Sikke Heerschop fynt it tige spitich dat hy sneon troch it IFKS-bestjoer royeard is as lid. Hy seit dat dit him tige sear docht. Fierder wol hy gjin kommentaar jaan. Heerschop komt pas letter mei in ferklearring, omdat hy de útkomst fan de ledegearkomste fan sneon earst besinke litte wol. Heerschop seit dat soarchfâldichheid no op syn plak is.

Sneon hawwe alle bestjoersleden fan de IFKS har funksje beskikber steld. Reden dêrfoar wie it feit dat de leden har net fine koene yn it beneamen fan Ab Borg út Drachten ta foarsitter.

Neffens de skûtsjeskippers is de foardracht net op demokratyske wize ta stân kaam en soe sprake wêze fan manipulaasje. It bestjoer fynt dat skipper Sikke Heerschop him misdroegen hawwe soe by de diskusje oer de nije foarsitter. Heerschop waard ferline jier kampioen yn de A-klasse. Nei ôfrin fan de gearkomste ferklearre ôftredend foarsitter Willem Hoornstra dat it yn it gefal fan Heerschop om 'in foarriedich royemint' giet. Heerschop krijt noch de kâns om him tsjin de maatregel te ferwearen, sa sei Hoornstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)