Heero ek maskotte fan KNVB

09 des 2007 - 13:59
  • Heero, alias Dutchy, wurdt ynset by de wedstriden fan Jong Oranje Foto: Martin de Jong

Heero, de maskotte fan SC Hearrenfean, wurdt ek de maskotte fan de KNVB, Dutchy. Hy is benadere om't de man dy't yn it pak fan Dutchy sit, dermei ophâldt. Heero, alias Dutchy, wurdt ynset by de wedstriden fan Jong Oranje, it Olympysk en it Nederlânsk alvetal.

Hy moat mei nei it EK yn Switserlân en Eastenryk en wurdt ek ferwachte op de Olympyske Spullen yn Beijing. De kontrakten wurde dizze wike tekene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)