Heerkes assistint Jan de Jonge

01 sep 2009 - 17:26
  • Gert Heerkes, de nije assistint-trainer (foto Martin de Jong)

Gert Heerkes wurdt assistint-trainer fan sc Hearrenfean. Dat hat de klup tiisdei bekend makke. De 43-jierrige Heerkes sil Jan de Jonge bystean. Dy waard moandei beneamd ta trainer nei it fuortgean fan Trond Sollied.

Heerkes en De Jonge hawwe yn it ferline faker mei elkoar wurke by BVO Emmen. Heerkes wie foarich seizoen noch trainer fan Heracles Almelo. Hy koe dêr foarkomme dat dy klup degradearre nei de earste divyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)