Heerink sjongt titelsong D&D

03 nov 2005 - 16:35

Bert Heerink sil de titelsong sjonge fan de nije televyzjesery Dankert en Dankert. De song wurdt freed opnommen yn de studio's fan Omrop Fryslân. De tekst is skreaun troch Gerrit Breteler en de muzyk is fan Ronald Schilperoort.

Bert Heerink is de leadsjonger fan de groep Kayak. Yn de jierren tachtich skoarde er grutte hits mei syn band Vandenberg. Ek is er bekend fan de Nederlânske ferzy's dy't er fan Amerikaanse rocknûmers makke hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)