Heeres: earst gjin silo's mear

26 jun 2013 - 12:50
  • De dongsilo yn Makkingea dêr't okkerdeis trije deaden foelen

It bedriuw Heeres mix- en pomptechniek fan Abbegea makket foarearst gjin dongsilo's mear skjin. Eigener Gerrit Heeres wol earst dúdlikens ha wat de oarsaak is fan it ûngemak ferline wike yn Makkingea. Twa fan syn meiwurkers en in soan fan de boer kamen dêr by om it libben. In meiwurker fan in leanbedriuw leit noch yn kritike tastân yn it sikehûs. Neffens Heeres binne, sa't it no liket, alle feilichheidsmaatregels yn acht naam. De azemkap fan de meiwurkers dy't yn de silo oan it wurk wie, wurke noch gewoan.

Op in bepaald momint hat hy oanjûn dat der wat mis wie. Om't der al trije oeren spuite wie en de silo foar it grutste part al skjin, is de twadde man de silo yngien om te helpen. It bedriuw hat ferline wike mei alle meiwurkers praat. Fan 'e moarn binne dy wer úteinset mei it oare wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)