Heerenveen wurdt 'Hoerenveen'

23 apr 2002 - 00:00

Supporters fan FC Grins ha moandeitenacht alle 35 plaknammebuorden fan It Hearrenfean feroare. Ynstee fan Heerenveen stiet der no Hoerenveen op.

De Fryske namme op de twatalige buordsjes neame de Grinzers ûnbegryplik en yn de Hollânske namme ha se de 'steurende staveringsfout' no oanpast. It giet om in ludike aksje yn oanrin nei de wedstriid Hearrenfean-FC Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)