Heerenveen net Europa yn

29 maaie 2003 - 00:00

It is Heerenveen net slagge om him te kwalifisearjen foar Europeesk fuotbal. Op de lêste kompetysjedei ferlearen de Feansters yn Amsterdam mei 3-0 fan Ajax.

Heerenveen hie winne moatten om Europeesk fuotbal te heljen. De ploech wie yn de earste helte de bettere, mar seach Ajax flak foar rêst skoaren. Ajax hie noch in lyts kânske om kampioen te wurden. Dat barde net, want PSV spile yn Grins gelyk, sadat PSV dit jier kampioen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)