Heerenveen lyk tsjin Utrecht

27 feb 2003 - 00:00

SC Heerenveen hat woansdei yn Utert mei 2-2 lyk spile tsjin FC Utrecht. Schut en Kuyt skoarden foar de thúsklub. Gerald Sibon en Mika Nurmela skoarden foar de Friezen. Nurmela die dat út in strafskopsitewaasje wei.

Beide klubs stride noch om Europeesk fuotbal foar kommend seizoen. Beide klubs wienen der fûl op om gjin punten te ferliezen. Dat smiet spannend spul op, mei fral yn de earste helte in tal hichtepunten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)