Heerenveen lit punten lizze

03 mrt 2001 - 00:00

Fuotbalklub Heerenveen hat freedtejûn net fan FC Groningen winne kinnen. De Feansters hienen de wedstriid yn hannen, mar ferlieten nei njoggentich minuten mei in 0-0 stân teloarsteld it fjild.

Foar de Feansters krigen Jensen, wer yn de basis, Allbäck en Nurmela goede kânsen, mar de Grinzer doelman hie in topdei. Oan him wie it te tankjen dat de Grinzers net om 'e earen krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)