Heerenveen jout oerwinning fuort

18 mrt 2001 - 00:00

SC Heerenveen spile sneon mei 2-2 lyk tsjin NAC yn Breda. It like oft de Friezen trije punten helje soenen, doe't de Sweed Allbäck yn de foarlêste minút foar foarsprong soarge. De thúsploech makke lykwols yn blessueretiid de lykmakker.

De ploech fan trener Foppe de Haan hie kânsen genôch, mar it skoaren slagge net alhiel. Lurling miste in strafskop. Allbäck skeat twa kear tsjin de peal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)