Heechwetterproblemen wer oer

09 des 2011 - 10:41

De problemen mei heech wetter yn Fryslân binne sa goed as foarby. Dat meldt Wetterskip Fryslân nei it oerlis mei ferskate rayonhaden freedtemoarn. Tongersdei stie fral yn it easten fan de provinsje it wetter wol 30 sintimeter heger as oars. Troch de hurde westewyn waard it wetter yn dy rjochting dreaun. Der koe net spuid wurde op de Waadsee, omdat ek dêr it wetter heech stie. Fannacht koene de slûzen wer iepenset wurde en no is it wetterpeil hast wer op de gewoane hichte. By in pear huzen en pleatsen wiene earder al sânsekken lein tsjin it hege wetter.

Dy sânsekken binne no net mear nedich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)