Heechterp yn list minne wiken

08 feb 2009 - 14:52
  • Heechterp stiet op it 9e plak yn de list

De wyk Heechterp/Skieringen yn Ljouwert stiet yn de top tsien fan grutste probleemwiken fan Nederlân. De Ljouwerter 'Ella Vogelaar-wyk' stiet op it njoggende plak.

RTL Nieuws hat in noch geheime list fan de 40 grutste probleemwiken yn Nederlân yn hannen krigen. It ministearje fan VROM hat dizze list gearstald. Nûmer 1 op de list is de Amsterdamske Kolenkitbuert. Fierder stean der noch fiif Rotterdamske wiken yn de top tsien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)