"Heechterp wurdt oanpakt"

27 aug 2007 - 15:03
  • Affysjes moatte Heechterp waarm meitsje foar de fernijing

De opknapbeurt fan de Ljouwerter wyk Heechterp/Skieringen giet troch, ek al binne it Ryk en de wenningbou it noch net iens oer de finansiering. Dat seit wethâlder Sluiter. Hy is lilk oer de opstelling fan it ryk en oer de rúzjes oer de finansiering.

De Ljouwerter wyk mei in soad flats, wurkleazens en ûnfeiligens heart by de 40 grutste probleemwiken fan Nederlân. Ljouwert hat moandei as earste plak in plan fan oanpak presintearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)