Heechterp hat measte minsken yn de bystân

13 nov 2014 - 12:48

De Ljouwerter wyk Heechterp is fan de tritich grutste gemeenten yn Nederlân opnij de wyk mei it heechste tal minsken yn 'e bystân. Ien op de fiif ynwenners fan de wyk hat in bystânsútkearing. Heechterp telt dêrmei opnij mear bystânslûkers as bygelyks Rotterdam.

Ek de oare Ljouwerter wiken Schieringen en De Centrale skoare heech. Dat komt omdat der in soad sosjale hierwenningen binne yn dizze wiken. It wykpanel Heechterp-Schieringen fynt dat de gemeente Ljouwert mear ynvestearje moat om de ynwenners fan de wiken oan in baan te helpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)