Heechste punt WTC berikt

13 mrt 2009 - 16:24
  • It heechste punt fan de nijbou fan it WTC
  • Fan boppe hawwe je in moai útsjoch oer Ljouwert

De bou fan it nije WTC haadgebou leit op skema. April 2008 is mei de bou úteinset. Freedtemiddei is it heechste punt berikt en dat is reden foar in lyts feestje.

Ein oktober 2009 moat it WTC klear wêze; in prestisjeus 4 stjerre-hotel mei 144 keamers en in restaurant op 48 meter hichte mei útsicht oer de stêd Ljouwert. Yn it gebou komme ek noch kantoaren, fergaderromtes en kongressealen mei plak foar konserten foar grutte artysten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)