Heechste punt OSG Sevenwolden

03 sep 2009 - 14:58

Op iepenbiere skoallemienskip Sevenwolden op It Hearrenfean is it heechste punt yn de nijbou fan fjouwer klaslokalen berikt. Der wie al skoften romtegebrek op lokaasje De Buitenbaan.

It gebou wie yn 2001 ûntwurpen foar 625 learlingen, mar no binne der 785 learlingen. Dêrom moasten der maatregels naam wurde. Nei dizze útbou is de skoalle fersekere fan genôch romte foar de kommende jierren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)