Heechste punt nijbou museum

20 sep 2011 - 21:13

Op it Ljouwerter Saailân is tiisdei it heechste punt fan de nijbou fan it Fries Museum berikt. Arsjitekt Hubert-Jan Henket is tige wiis mei it gebou, mar is min te sprekken oer it plan fan de gemeente in beam foar it museum te plantsjen.

Dat docht syn ûntwerp gjin eare oan, fynt er. De gemeente besleat yn maaie dat de beam der komt, mar Henket hâldt goede moed dat de gemeenteried noch ta ynkear komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)