Heechste punt nijbou bank

10 jul 2002 - 00:00

It heechste punt fan de nijbou fan de Friesland Bank is woansdei berikt. De bou fan it nije haadkantoar yn Ljouwert leit op skema; yn maart takom jier moat it klear wêze.

It wie in drege put om de grutte stielen balken foar de dakkoepel goed te plak te setten. Dat presyzjewurk hie de bou fertrage kinnen. Dochs is it wurk op 42 meter hichte goed ferrûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)