Heechste punt De Tsjongerskâns

21 mrt 2014 - 06:14
  • De nijbou fan sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean

De nijbou fan sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean berikt freed it heechste punt. Der wurdt op dit stuit drok wurke oan de útwreiding fan it sikehûs. Sa komt der in nij ûnderkommen foar húsdokters en wurdt der in saneamd Spoedplein boud foar de earste help. Dêrnjonken komt der in nij deisintrum onkology en hematology. Dy romte wie al lange tiid fierstente lyts.

De iepening fan it fernijde sikehûs moat ein fan dit jier wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)