Heechspringer Douwe Amels yn see mei Dútske coach

20 aug 2015 - 13:38

Douwe Amels makket de oerstap nei Leverkusen om dêr te trainen ûnder de Dútske coach Hans-Jörg Thomaskamp. Dêrmei komt der in ein oan in seis jier lange gearwurking mei syn âlde trainer Rini van Leeuwen. Dat Amels ûnder Thomaskamp traint is net nij. Al fan 2012 ôf wurket de Dútser mei Amels en Van Leeuwen.

Wie dat yn earste ynstânsje noch op ûnregelmjittige basis, no hat it heechspringtalint besletten om allinnich ûnder Thomaskamp te trainen. "Twee kapiteins op één schip werkt bij mij niet", sa lit Amels witte.

Yn de seis jier dat Amels trainde mei Van Leeuwen hat de Drachtster grutte stappen makke. Yn dy perioade gie syn persoanlik rekôr fan 2.07 meter nei 2.28 meter. Sportyf hichtepunt ûnder Van Leeuwen wie de Europeeske titel ûnder 23 jier yn it Finske Tampere.

Amels hat him net pleatst foar de wrâldkampioenskippen yn Peking, dy't sneon úteinsette.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)