Heechspanningmêsten ophege

12 sep 2014 - 11:56
  • Heechspanningsmêsten wurde ophege fanwege oanlis nije dyk Sintrale As

Tusken Hurdegaryp en Burgum wurdt freed troch netbehearder TennetT wurke oan it opheegjen fan twa heechspanningsmêsten. De wurksumheden wurde dien yn it ramt fan de oanlis fan de nije dyk de Sintrale As.

As it ferkear mids 2016 ûnder de mêsten trochride sil, dan moatte de elektrisiteitstriedden wetlik tweintich meter boppe de dyk hingje. Spesjale stielen konstruksjes fan fiif meter heech wurde ûnder de besteande heechspanningsmêsten set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)