Heechseizoen foar Waadeilannen

09 maaie 2008 - 12:24
  • Op de kampings binne noch wol wat plakjes frij
  • In soad minsken genietsje fan it moaie waar op de eilannen

De Fryske Waadeilannen ferwachtsje foar it kommende Pinksterwykein grutte drokte. Hast alle hotels en húskes sitte al fol. Op de kampings is noch wol in plakje te finen, seit direkteur Smit fan it VVV op it Amelân.

Mei it moaie simmerwaar lykje in soad minsken op it lêste momint noch in koarte fakânsje op de eilannen te boeken. En dat is fansels goed foar de omset fan de ûndernimmers op de eilannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)